Foundation Course (1-jierrich)



Skoalle wêr’t de leafde dy rekket.
By de ‘School voor Systemisch Bewustzijn’, begjint jannewaris 2025 in 1-jierrige Basisoplieding foar Friezen en Friezen om utens, dy’t ferdjipping sykje yn harren libben en wurk, mar oant no ta noch gjin (wiidweidige) ûnderfining as kennis opdien hawwe mei systemysk wurk.
It mei sukses / goed gefolch ôfsluten fan dizze basisoplieding jout tagong ta de 2-jierrige Mastercourse, it freonlik klopjende hert fan de School.


Aktive behearsking fan it Frysk is net nedich om dizze oplieding folgje te kinnen.

 

Nei dit jier:

  • Hawwe jo in persoanlik ûntwikkelproses trochmakke
  • Binne jo fertroud mei systemysk wurk en (famylje)opstellingen
  • Kinne jo selstannich in opstelling begeliede
  • Kinne jo trochstreame nei de 2-jierrige Mastercourse fan de School (jannewaris 2025)

Nei ynskriuwing sille wy in persoanlik petear ynplanne om fierder mei jo yn ‘e kunde te reitsjen.

 


 

data


Om sawol partikulieren as professionals de kâns te bieden de oplieding te folgjen is der foar keazen om in freed en in sneon yn te plannen as opliedingsblok.
De mienskiplike stúdzjedagen binne hieltiten op twa dagen dy’t oanien slute.

Lesdagen duorje fan 9.30 oant 17.00 oere.
De groep slút by in maksimum fan 14 dielnimmers


2025

24 en 25 jannewaris


7 en 8 febrewaris 


7 en 8 maart


11 en 12 april


9 en 10 maaie


20 en 21 juny
4 en 5 july 
SIMMERFAKANSJE

19 en 20 septimber 
17 en 18 oktober
21 en 22 novimber

Ekstra workshops en aktiviteiten foarbehâlden! Dizze wurde tsjin kostpriis oanbean foar SBB studinten en meidetiid bekend makke. 
 

locatie


De lokaasje is De Omslag Maken yn Wolvega.

 

 

kosten


It lesjild bestiet út:

  • Algemien lesjild foar 1 learjier (20 lesdagen)
  • Lokaasje
  • Wiet en drûch (kofje/tee, wetter/fruchtedrank, en breatafel)
  • Syllabus/opliedingsmap en artikels dêr’t men noch fan foarsjoen wurdt
  • In ynspirearjende en belutsen haaddosint
  • 1 op 1 coaching by de haaddosint

Kosten dy’t der net by yn sitte, binne:

  • It oernachtsjen
  • Boeken en oar stúdzjemateriaal

It lesjild foar 2025 is €3025,- ynkl. BTW .