SKOALLE foar SYSTEMYSK BEWUSTWÊZEN

 

Skriuw jo yn foar de nijsbrief en bliuw op’e hichte fan alle ûntwikkelingen.


oar de skoalle


De Skoalle foar Systemysk Bewustwêzen (SSB) sipet minsken by: 

  • It ûntsluten fan libbensenerzjy
  • It beskikber meitsjen fan (autentyk) potensjeel
  • It ûntfouwen fan it libben nei betsjutting

Wy dogge dit út leafde foar de minske en it besef dat der - om ta feilige húshâldingen, leafdefolle relaasjes en in balansearre mienskip te kommen - in needsaak is foar in djipgeande ûnderfining fan minsklike weardichheid. 

dosinten


Tineke Scheltinga-de Boer hat jierrenlang ûnderfining opdien yn it Fuortset Underwiis as dosint en dosintecoach. Sûnt 2015 is hja eigner fan it bedriuw ‘De Omslag Maken’ yn Wolvegea. Tineke hat in protte systemyske opliedingen folge, wêrûnder de mastercourse by de School voor Systemisch Bewustzijn fan Hilbrand Westra. Dizze mastercourse hat har net allinnich ferdjipping mar ek ferbreding brocht op it systemysk flak. Hja hat in djip fertrouwen ûntwikkele yn ‘e opboude kennis en ynsichten én hja fielt har wer ferbûn mei har Fryske komôf.

 

Ik kin my yngeand lokkich en grutsk fiele as ik yn myn Frysk-wêzen bin. Grutsk op ús noftere beskiedenens, ús taal om yn net al tefolle wurden útdrukking jaan te kinnen wêr’t it om giet”.



 

Fanút har dosintwêzen is hja de persoan by útstek om lieding te jaan oan de Fryske dependânse. “Fanút it tinksysteem fan de School voor Systemisch Bewustzijn in bydrage te leverjen oan de persoanlike ûntwikkeling fan minsken, frij wurde fan inerlike behinderingen, sadat potinsjeel en libbenskrêft bleatlein en ûntsluten wurde kin”.

 

Dat is dêr’t hja har alle dagen mei hert en siel mei dwaande hâldt. “Bydrage oan it ûntsluten fan libbenskrêft en potinsjeel”. Dat is har misje yn de Fryske dependânse fan de prachtige Skoalle foar Systemysk Bewustwêzen. 

 


 

Anke Tijtsma is berne is en grut wurden yn Noard-Fryslân (Britsum). Se is oplieden as antropolooch en hat in fasinaasje foar de ynteraksje tusken minsken. It boeit har hieltiid wer wat dêr waar te nimmen is en wat we as minsken ûnderinoar wol en net útsprekke. Se genietet fan alles wat der te ûnderfinen is yn it kontakt mei oaren; ek dat wat net fuortendaliks taastber is. Yn kombinaasje mei har paramedyske oplieding en systemyske kennis stimulearret se oaren om harren waarnimmingsfermogen optimaal te brûken. Anke set yn organisaasje-trajekten en mei yndividuele klanten oan ta heling yn liif, libben en wurk. Sûnt 2017 hat se in eigen bedriuw, Buro AanZet,  yn har wenplak Leusden.


As Fries om utens is se letterlik en figuerlik sljocht op'e Fryske klaai. Matearje dêr ‘t se ek troch har wurk as keramist djippe ferbining mei fielt. Dêrneist hat se ûnderfûn  hoe wichtich it is om har Fryske bertegrûn en komôf te ferwurkjen yn al har wurk om dêr hielendal yn ta bloei te kommen. 

De troch har folge mastercourse oan de School voor Systemisch Bewustzijn yn Zeist hat dêr ek oan bydroegen. Dêrneist hat Anke troch dy oplieding har foarleafde foar de fenomenologie ferdjippe. Se past dat foaral ta yn it wurkfjild fan de soarch foar oaren. 

"Yn eltse ynteraksje sit altiid al in 'belichemd witten' dat eltse reaksje fiedet."


As twadde dosint by de Fryske Skoalle foar Systemysk Bewustwêzen soarget Anke tegearre mei Tineke foar it ferdjipjen en wekker tútsjen fan it potinsjeel fan de dielnimmers.